Grien ljocht foar Sintrale As

23 jun 2010 - 11:44

De oanlis fan 'e Sintrale As as fjouwerbaansdyk giet troch. In mearderheid yn provinsjale steaten joech woansdei grien ljocht foar de oanlis fan de autodyk nei Dokkum.

De sintrale as wurdt stipe troch de koalysjepartijen CDA, PvdA en CU en opposysjepartij VVD. FNP, GrienLinks en SP binne tsjin de oanlis fan de Sintrale As. De oanlis fan de autodyk fan Dokkum nei de Wâldwei kostet 250 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)