Grien ljocht foar sâltwinning

06 jun 2003 - 00:00

De sâltwinning by Easterbierrum en Tsjummearum liket dochs troch te gean. Yn de ried fan Frjentsjerteradiel is no in mearderheid foar de bou fan twa putkelders, dy't nedich binne foar de sâltwinning. CDA en Gemeentebelangen joegen oan net langer tsjin te wêzen.

De ried joech earder gjin tastimming foar de kelders, mar dat beslút wie net rjochtsjildich. De direksje fan Frisia wol noch foar de ein fan it jier begjinne mei de bou fan 'e kelders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)