Grien ljocht foar rânewei

16 maaie 2007 - 21:26

De oanlis fan de rânewei by Heech kin krekt op tiid begjinne. Woansdei hat de Raad van State in fersyk fan beswiermakkers om it wurk net begjinne te litten, oan 'e kant skood. Dat komt de gemeente Wymbritseradiel hiel goed út, want de nije dyk moat foar 1 july 2008 klear wêze.

Oars krije se gjin jild út Brussel. At de nije rânewei der leit, wurde de Harinxmastrjitte en de Syl autolij makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)