Grien ljocht foar nij gemaal

16 jan 2009 - 14:26
  • It nije gemaal by Lauwerseach kin komme

By Lauwerseach komt in nij gemaal. Minister Verburg hat dêr freed grien ljocht foar jûn. It gemaal soe neffens har yn 2015 klear wêze moatte. De kosten komme op sa'n 150 miljoen euro.

Njoggentich miljoen soe betelle wurde moatte troch de wetterskippen Fryslân en Noorderzijlvest. De rest moat opbrocht wurde troch it Ryk en de provinsje Grinslân. De Waadferiening fynt it weismiten jild om it gemaal dêr al yn 2015 del te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)