Grien ljocht foar kenniskampus

31 maaie 2006 - 09:30

De gemeenteried fan Ljouwert is moandei akkoart gien mei de oanlis fan de nije kenniskampus. Op it kompleks kinne studinten leare, wurkje en sporte.

Mei in PvdA-moasje is noch besocht in parkeargaraazje yn de plannen op te nimmen, om't de buert benaud is foar oerlêst. De VVD stimde tsjin fanwege de finansjele ûnderbouwing en de NLP fanwege alle bebouwing yn it griene middengebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)