Grien ljocht foar fúzje kofjemakkers DE en Mondelez

05 maaie 2015 - 13:09
  • DE Master Blenders 1753

De Europeeske Kommisje is akkoart mei de fúzje fan kofjeprodusinten Mondelez en DE Master Blenders, it eardere Douwe Egberts. Earder hie de kommisje noch beswier, omdat de fúzje net goed wêze soe foar de konkurrinsje op de kofjemerk, benammen yn parten fan Europa.

Mondelez stjit as kompromis no in diel fan syn kofje-aktiviteiten ôf, wêrtroch't der wer romte is foar oaren. It giet dan benammen om de ferkeap fan kofjepads.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)