Grien ljocht foar Europaplein

30 jan 2012 - 22:41
  • ferbettering Europaplein

De ried fan de gemeente Ljouwert hat moandeitejûn it kolleezje fan b. en w. grien ljocht jûn foar de plannen foar de rekonstruksje fan it Europaplein. Wol hat de ried in moasje oannommen dy't ynhâldt dat it kolleezje de fariant mei trije fytstunnels ek ûndersykje moat. Yn it plan fan it kolleezje sitte no twa fytstunnels en dat kostet 12 miljoen euro. De fariant mei trije tunnels kostet fjouwer miljoen mear.

It kolleezje hat ek de opdracht krigen om mei bewenners te praten oer de knipepunten yn de wyk.

It Europaplein wurdt pas oanpakt, as de nije dyk de Heak om Ljouwert klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)