Grien ljocht foar Dino Zoo

07 mrt 2014 - 07:20
  • In replika fan in T rex

De plannen foar de Dino Zoo by Makkum kinne út de iiskast helle wurde. Tongersdeitejûn joech de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân grien ljocht foar it plan om in dinopark te meitsjen. Dat moat komme op it terrein fan de eardere gemeentewerf yn Makkum.

Inisjatyfnimmer Leo van Breeden wol no sa gau as mooglik los mei de oanlis. Hy hat acht jier dwaande west mei de plannen. Hy kaam op it idee foar Dino Zoo doe't er yn in dinopark yn Dútslân wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)