Grien Links wol duorsum Thialf

05 des 2011 - 11:51

It nije iisstadion Thialf moat op sa'n manier boud wurde dat it likefolle enerzjy opsmyt as dat it kostet. Dat fynt Grien Links yn provinsjale steaten.

Njonken dat Thialf duorsum wurde moat, is it ek needsaaklik dat it iisstadion op It Hearrenfean bliuwt, fynt Grien Links. De partij ropt reedridersbûn KNSB op om him spesifyk foar in nij iisstadion op It Fean út te sprekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)