Grien Links dielt apels út

22 apr 2004 - 00:00

Grien Links dielt tongersdei op it bus- en treinstasjon fan Ljouwert biologyske apels út. De aksje is ûnderdiel fan de ynternasjonale 'Earth Day'. Minsken dy't mei it iepenbier ferfier reizgje, sparje it miljeu en dêrom krije sy in betankje. De aksje is foar de partij ek it begjin fan de kampanje foar de Europeeske Ferkiezings op 10 juny. Grien Links wol har profilearje mei saken lykas iepenbier ferfier en biologyske lânbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)