'Grienûnderhâld troch doarp'

24 apr 2012 - 21:55
  • Grienûnderhâld

Doarpen yn de gemeente Ljouwert soene sels it grienûnderhâld by har yn it doarp dwaan moatte. Dat fynt Jelle de Visser fan de PvdA Ljouwert. Yn in soad doarpen wurdt der al âld-papier ophelle, mar dizze aktiviteiten soene útwreide wurde kinne. Dit soe goed wêze foar de leefberens yn de doarpen, mar boppedat leveret it ek wat sinten op.

It jild dat de gemeente oars kwyt is oan grienûnderhâld kin dan nei de doarpsbewenners gean. Under oaren it doarpsbelang fan Wytgaard is tige posityf oer de plannen.

De gemeente Ljouwert hopet foar de simmer in beslút te nimmen oer dit plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)