Grêven net werbrûke

10 apr 2008 - 15:04
  • eigners fan grêven moatte kontakt mei de gemeente opnimme
  • de grêven binne min opnij te brûken om't de liken amper fergeane

Eigners fan grêven yn Broeksterwâlde ha in brief krigen fan de gemeente oer de problemen op it begraafplak. Dy problemen ha te krijen mei de grûn en it grûnwetter. De liken fergeane amper. De grêven binne dêrtroch dreech opnij te brûken.

Minsken dy't noch lege grêven ha, kinne dy gewoan hâlde. It werbrûken fan grêven wol de gemeente foarkomme. Dan wurdt in oar grêf op in oar plak oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)