Grendel Frysk kampioen tennis

15 jun 2008 - 17:11

Alex Grendel is snein Frysk kampioen tennis wurden. Op tennispark De Bontekoe pakte de Ljouwerter foar it earst de Fryske titel en dat ek nochris sûnder in set te ferliezen.

Yn de finale wûn Grendel mei 7-6 (8-6) en 6-4 fan Frank Zeer fan Goutum. By de froulju pakte Floor Snoeijing ek foar it earst de Fryske titel. De 31-jierrige Ljouwerter ferlear ferline jier de finale fan Marlies Huurman fan Harns. Dit kear wûn Snoeijing mei 6-7 (4-7), 6-4 en 6-4.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)