Greidefûgels sykje wiet lân op

18 apr 2011 - 20:16

It bin minne tiden foar de greidefûgels. Troch it droege waar kinne se kwalik iten fine. Se lûke dan ek massaal nei de wiete gebieten ta.

Sa bin by natoergebiet de Lange Ripen by De Tynje mear as tweintich ferskillende soarten sjoen. Der sitte ek skriezen te brieden en der binne hoantsen. It wetterpeil is dêr sa ferhege dat der in laachje wetter op it lân stiet. It is al de fjirde maaitiid op rige dat it sa droech is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)