Greidefûgels rêde

28 maaie 2010 - 06:59

It roer moat radikaal om as it giet om it rêden fan greidefûgels yn Fryslân. De provinsje moat har ynspannings rjochtsje op de lêste gebieten dêr't it noch relatyf goed giet mei de skries en de ljip. Dat seit saakkundige Eddy Wymenga fan ekologysk ûndersyksburo Altenburg & Wymenga.

It ûndersyksburo hat nij ûndersyk dien nei greidefûgels. Dêr docht út bliken dat minsken akseptearje moatte dat it ûnmooglik is om greidefûgels te behâlden foar hiel Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)