Grêften Ljouwert skjinmakke

02 apr 2008 - 18:35

De gemeente Ljouwert is dizze wike begûn mei it skjinmeitsjen fan de grêften yn 'e stêd. Fan 't winter is der wer in soad rotsoai yn it wetter bedarre. De gemeente lûkt der in wike as trije foar út omdat der wer út te heljen.

Under it skjinmeitsjen kinne boaten net troch de grêften farre. Boppedat moat yn de binnenstêd rekken hâlden wurde mei frachtauto's dy't de rotsoai ôffiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)