Grêfstiennen yn tsjerke Hallum

19 nov 2010 - 15:08

Yn de tsjerke fan Hallum binne santich grêfstiennen fûn. De tsjerke wurdt op dit stuit restaurearre. Doe't de restaurateurs de tsjerkebanken fuorthellen, kamen de grêfstiennen foar 't ljocht. De stiennen lizze der al sûnt de 16de ieu. Se binne fan wichtige minsken dy't yn Hallum wennen.

It is noch net bekend hoe't de stiennen nei de restauraasje te sjen wêze sille yn 'e tsjerke. De Stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen sil de ferskate mooglikheden besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)