Grêfstiennen RAF-fleaners lang om let foarsjoen fan nammen

10 sep 2015 - 18:32
  • Dizze grêfstiennen sille no lang om let fan de nammen fan de fleaners foarsjoen wurde

74-jier nei't in Britske bommewerper delstoarte by Boazum, wurdt it grêf fan de seis omkommen bemanningsleden foarsjoen fan harren nammen. Neffens de gemeente Ljouwert is it unyk yn Nederlân dat sa'n skoft nei de Twadde Wrâldoarloch oant no ta ûnbekende slachtoffers identifisearre binne.

De Wellington wie op 25 july 1941 mei inkelde tsientallen oare bommewerpers op de weromreis fan in bombardemint op de havens fan Emden yn Dútslân. De nije grêfstiennen wurde no tiisdei ynsegene op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)