Grêf Manuel Fetter fernield

19 nov 2006 - 11:29

By it grêf fan Manuel Fetter op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert binne sneon fernielings oanrjochte. Fazen binne omtreaun, de blommen derút smiten en op de stien is sân goaid. In lantearn by it grêf is út de grûn lutsen en it kearske dat dêryn siet, waard útmakke.

De mem fan Fetter hie middeis by it grêf west, doe wie der neat oan de hân. Op it Waachplein wie sneon in minsklik kordon by it Fetter-monumint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)