Greenpeace moat NAM betelje

14 jan 2001 - 14:28

Greenpeace moat de NAM in twangsom fan 350.000 gûne betelje. Dat bepaalde it Ljouwerter Gerjochtshôf.

Yn 1997 besette de miljeubeweging in boarplatfoarm by It Amelân as protest tsjin gasboarringen op it Waad. De Asser rjochtbank ferbea de aksje op straffe fan in 50.000 twangsom per dei. Yn 1998 besette Greenpeace it platfoarm nochris. Dêr moat no foar betelle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)