Greenpeace-aksje op Waadsee

28 maaie 2009 - 11:47
  • Byld fan in eardere aksje fan Greenpeace op de Noardsee

Natuerorganisaasje Greenpeace is fan plan om dizze simmer flink aksje te fieren foar de natuer yn de Noard- en Waadsee. Neffens de organisaasje is der net ien gebiet yn de see folslein beskerme en ôfsluten foar minsken, mar der is wol ferlet oan sokke gebieten.

Ferline jier stoarte Greenpeace grutte stienen blokken yn de Waadsee om de natuer te beskermjen. Dy aksje hat in protte ûnrêst feroarsake. Watfoar aksjes der komme is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)