Gravend skearmeske is grut sukses op Facebook

06 apr 2016 - 10:32

In bysûnder momint foar boskwachter Joeri Lamers fan Skylge. Hy stie frjemd te sjen doe't er op 'e boaiem fan de Waadsee wat ûngewoans seach, en pakte direkt de kamera. Lamers lei fêst hoe't in skearmeske him yngroef yn it sân. It filmke op de Facebookside fan Steatsboskbehear is hast 300.000 kear besjoen en rom 2.000 kear dield.

Grutte ferrassing

Foar boskwachter Joeri Lamers wie it in ferrassing, sa sei er tsjin RTV Noord. ''Ik sta er zelf van te kijken. Wij waren pieren aan het steken toen ik dit zag. De beestjes kunnen zich heel snel ingraven dus ik wist dat ik snel moest zijn.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)