Into The Grave is suksesfol

11 aug 2012 - 16:46
  • Into The Grave fan in eardere edysje

De twadde edysje fan it metalfestival Into The Grave sneon yn Ljouwert is in grut sukses. Mei 3500 besikers is de organisaasje tefreden. Ferline jier wie it festival foar it earst. Foar it festival binne ferskate ynternasjonale acts oanlutsen, lykas de Noarske band Enslaved en de Britske deathmetalband Bolt Thrower.

Ek de Ljouwerter band Nom de plume stiet op it poadium. De besikers komme oeral wei, lykas Noarwegen, Dútslân en Alaska. De organisaasje wol it Into The Grave festival takom jier wer organisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)