"Into The Grave" noch net wis

09 jun 2011 - 14:13

It is noch hieltyd net wis oft it metal-festival Into The Grave dizze simmer yn Ljouwert trochgean kin. Ferline jier waard de earste edysje fan it muzykfeest op it lêste momint ôfsein. De gemeente Ljouwert wegere doe de nedige fergunnings.

De organisatoaren wolle it dit jier wer besykje, tongersdei hat der in petear west en begjin nije wike moat der útslútsel komme. Into The Grave soe dan plakfine op it Aldehouster tsjerkhôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)