Gratamapriis foar Molenbuur

30 nov 2012 - 18:34

De sechsde Gratamapriis is wûn troch dûnsfenomeen Grietine Molenbuur. De priis fan de gemeente Smellingerlân bestiet sûnt 1997 en is bedoeld foar minsken dy't in soad dien ha foar Fryslân as it giet om kultuer en mienskip. De priis wurdt om de trije jier útrikt.

Eardere winners wiene Riens Gratama sels, Jos Thie, Peter Tuinman, Jan de Haan en Rutger Hauer. Molenbuur krijt de priis foar har ynset foar de dûns en dan benammen dûns foar de jongerein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)