Gratama krijt Bergsma Priis

12 nov 2013 - 12:30

Rients Gratama krijt de Fedde en Martha Bergsma Priis 2013 foar syn stik 'Eintsje Libben'. Dat stik giet oer twa âlde manlju dy't harren ferhaal oer de oarloch oan in jong famke fertelle. De Fedde en Martha Bergsma Priis wurdt ien kear yn de fiif jier takend oan de skriuwer fan it bêste, oarspronklik Fryske toanielstik fan dy perioade.

Dit jier wurdt de priis foar de sechsde kear útrikt. De útrikking sil op 14 desimber plakfine yn it 'Huis voor Amateurkunst' yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)