'Grap' Garyp falt ferkeard

22 aug 2010 - 17:16
  • De Gariper iisbaan

It doarpsfeest fan Garyp wie dit wykein lanlik nijs. De Garypsters hiene in parseberjocht makke mei de tekst dat it doarp ree wie om Roma út Frankryk op te fangen. Se soene in nij ûnderkommen krije kinne op de iisbaan.

It wie lykwols net serieus bedoeld en neffens de betinkers wie dat dúdlik. Ferskate media tochten dêr oars oer. Goed 700 reaksjes kamen binnen. Op de webside fan GeenStijl steane goed 300 reaksjes. Guon uterje bedrigings oan de betinkers fan it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)