Grandslamtitel foar Schuil

22 jul 2012 - 16:48

Beachfollyballers Richard Schuil en syn maat Reinder Nummerdor hawwe snein it grandslamtoernoai yn it Eastenrykse Klagenfurt wûn. It Nederlânske duo wie yn de finale mei 14-21, 21-12 en 15-13 te sterk foar de Brazilianen Pedro Solberg en Marcio Araujo.

Schuil en Nummerdor wiene earder dit jier ek al suksesfol by in toernoai út de Wold Tour yn Peking. It duo docht oer in goed wike mei oan de Olympyske Spelen yn London.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)