Granaten fûn by Flylân

30 mrt 2002 - 00:00

Foar it Noardseestrân fan Flylân binne freed tsientallen granaten fûn. De granaten fan sawat 25 sentimeter lang leine sa'n 200 meter eastlik fan Strânhotel Seeduyn. In dûk- en demonstraasjeteam fan de marine hat de granaten sneontemiddei oprûme. Neffens boargemaster Van der Mark giet it mooglik om granaten fan de Dútske loftôfwar út de twadde wrâldoarloch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)