Granaat tusken de ierappels

11 des 2012 - 14:04
  • De granaat dy't tusken de ierappels fûn is

Yn Easterbierrum is ôfrûne wykein yn in loads in granaat tusken de ierappels fûn. It projektyl fan fjirtich sintimeter lang waard oantroffen op in transportbân. In meiwurker warskôge fuortendaliks de plysje dy't de granaat nei in stik greide yn de omkriten fan it doarp brocht. It sil de kommende dagen troch in eksplosive-oprommingstsjinst fuorthelle en ferneatige wurde.

Wêr't it projektyl krekt weikomt, is net bekend. Yn de loads wurde ierappels út Fryslân, Grinslân en regio's yn Dútslân opslein. Se wurde ôfnaam troch in patatfabryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)