Granaat ploft by Aldskoat

08 sep 2009 - 12:48

Eksplosive-oprommingstsjinst EOD hat tiisdeitemoarn in granaat ûntploffe litten dy't in pear dagen ferlyn fûn is by Aldskoat. In amateur-archeolooch wie dêr dwaande mei syn metaaldetektor foar grûnûndersyk. Op 15 sentimeter djip fûn er de 20 sentimeter lange pantsergranaat.

De EOD hat earst de ûntstekking út de granaat helle en it eksplosyf dêrnei ta ûntploffing brocht. De kâns bestiet dat der noch mear granaten yn 'e grûn lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)