Granaat fûn by It Amelân

11 jul 2004 - 14:34

In sânsûger hat sneon foar de kust fan It Amelân in Dútske granaat út de Twadde Wrâldoarloch opsûgd. De granaat fan tsien en in heale sintimeter lang wie yn perfekte steat. Om't alle merken op de granaat noch dúdlik lêsber wiene, wie de identifikaasje tige maklik.

Omdat de springstof nei sa'n lange tiid yn it wetter ûnstabyl wurdt, is it eksplosyf foar de kust fan Noard-Hollân troch de dûk- en demonteargroep fan de marine ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)