Graffityspuiters oppakt

12 maaie 2006 - 10:03

Mei de oanhâlding fan in 23-jierrige ynwenner fan Ljouwert en twa ynwenners fan Grins hat de plysje Grinslân 200 graffityfernielings yn Grins en Fryslân oplost. Se brûkten hieltyd de wurden Soprano, PRA en Boks.

De saak kaam oan it roljen doe't yn ien nacht tiid 22 ruten yn Grins bespuite waarden. De skea fan 200.000 euro sil besocht wurde op de trije te werheljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)