Graffityspuiters oanholden

24 nov 2009 - 10:17

De plysje hat moandei in man en in frou fan 22 jier út Drachten oanholden foar fernielerij. Plysjes seagen de twa stean by in fytstunneltsje oan de Oude Singelweg yn Drachten. De man besocht gau wat fuort te moffeljen.

De plysjes rûkten in sterke fervelucht en seagen dat de hân fan de frou ûnder de swarte ferve siet. Op de muorren fan it tunneltsje wie graffity spuite. De twa binne fêstset op it buro. De plysje ûndersiket oft se op noch mear plakken graffity spuite hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)