Graffityspuiters oanhâlden

31 aug 2011 - 14:03

De plysje hat tiisdeitejûn twa jonges fan 16 en 17 jier út Snits oanhâlden op fertinking fan fernielerij. Der kaam in melding dat der graffityspuiters aktyf wiene. Yn it park wiene ferskate dingen bespuite.

De buertplysje seach de beide fertochten rinnen en hold harren oan. Se hiene de spuitbussen noch by harren. De beide jonges wiene ûnder ynfloed fan alkohol. Se hawwe in bekeuring krige. De spuitbussen binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)