Graffityspuiters oanhâlden

19 feb 2010 - 10:19
  • De plysje koe de mannen oanhâlde

Op it ranzjearterrein by it NS stasjon yn Ljouwert binne tongersdeitenacht trije manlju oanhâlden op fertinking fan fernieling. In man dy't tafersjoch hâldt seach de mannen út Ryptsjerk, It Hearrenfean en it Dútske Hamburg oer it terrein rinnen. Hy tocht dat se graffity oan it spuitsjen wienen en belle 112.

Nei in syktocht koene de manlju oanhâlden wurde. Op harren skuon siet wiete ferve, lykas op ien fan de treinstellen. It trio sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)