Graffityspuiter oanholden

04 okt 2009 - 15:32

In 26-jierrige ynwenner fan Koudum is yn de nacht fan sneon op snein oanholden op It Hearrenfean. Surveillearjende plysjes seagen dat de man him besocht te ferstopjen by de stasjonstunnel en woene him kontrolearje.

De man ried doe fuort, mar koe eefkes letter troch de plysjes ta stilstean brocht wurde. It die bliken dat de man ferskate fervespuitbussen by him hie yn in rêchtas. Boppedat sieten syn moffen ûnder de ferve.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)