Graffitykursus yn Snits

09 jul 2010 - 15:08
  • Snitser jongeren leve harren út op in sket om it te bouwen Sintrum foar keunsten en ritmyk

Fjirtich jongeren ha yn Snits leard om graffity te spuitsjen. It is ûnderdiel fan it projekt Frame It, bedoeld foar jongerein út húshâldings dy't it net sa breed ha. Sa krije se dochs de mooglikheid om wat oan keunst te dwaan.

Earder ha se in fotografykursus dien en in fideoklip makke. De gemeente stipet Frame It finansjeel. De bern binne tusken de 10 en 18 en se stekke der ek wat fan op. Se binne ek warber yn de eigen wenwiken, dêr't se bygelyks sketten fersiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)