Graffitykeunst oer staazjes

26 sep 2009 - 13:36

De stekken om de bouput fan it Saailân yn Ljouwert hingje fol mei graffitykeunst. Doel is om omtinken te freegjen foar it fenomeen maatskiplike staazjes. Der moatte mear as 1800 learlingen fan it foartset ûnderwiis út Ljouwert op sa'n staazje, mar der binne net genôch plakken.

It frijwilligersservicepunt besiket op dizze wize bedriuwen safier te krijen dat se meiwurkje. Freed waard de eksposysje iepene troch in drumband, rapper Remon en wethâlder Krol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)