Graffity siert tunnel Drachten

17 jan 2007 - 07:56

De fytstunnel yn de wyk De Trisken yn Drachten is troch keunstner Marcus Wedman fersierd mei graffity. Foarbygongers wane har yn de tunnel yn in ûnderwetterlânskip.

De tunnel is op fersyk fan in wenningstifting oanpakt om minsken in feiliger gefoel te jaan. Ek moat de offisjele graffity foarkomme dat de muorren fan de tunnel yllegaal bespuite wurde. De opknapte tunnel is tiisdei yn gebrûk naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)