'Graafwurk libbensgefaarlik'

21 mrt 2011 - 21:01
  • It gie earder mis yn 'e wyk Aldlân

De fergunning fan it bedriuw Reggefiber dat yn Ljouwert it glêsfezelnetwurk oanleit moat ynlutsen wurde. Dat fynt netwurkbehearder Enexis. De behearder hat skjin syn nocht fan alle gaslekken dy't feroarsake wurde troch it graafwurk.

Ofrûne wike wie it twa kear mis. Ien kear waard de lekkaazje net melden en is it gat tichtsmiten, neffens Enexis in libbensgefaarlike sitewaasje. Enexis hopet no dat de Ongevallenraad en de gemeente optrede sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)