Grêftsmiters langer fêst

16 feb 2012 - 10:00
  • De Foarstreek yn Ljouwert

De trije manlju dy't mei âld en nij yn Ljouwert trije minsken samar yn in grêft treaun hawwe, moatte yn april foar de rjochter komme. Se bliuwe oant dy tiid fêstsitten. De trije fertochten komme út Ljouwert en Assen.

Yn de nijjiersnacht treaunen se op de Foarstreek de slachtoffers sûnder oanlieding yn it wetter. Dêrnei bekûgelen se harren mei stiennen en in fyts. Ien fan de fertochten sprong der ek noch yn om in slachtoffer ûnder wetter te triuwen. De trije manlju wurde fertocht fan besykjen ta deaslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)