Grêfstien mem Troelstra werom

09 maaie 2012 - 21:10

De grêfstien fan de mem fan Pieter Jelles Troelstra krijt nije wike in prominint plak by de Sint Vitustsjerke yn Stiens. Grietje Troelstra-Landmeter ferstoar yn 1871 en waard begroeven op it tsjerkhôf yn it doarp.

It grêf waard sa'n fjirtich jier lyn romme en de stien kaam úteinlik terjochte yn it eardere Frysk Letterkundich museum yn Ljouwert. It bestjoer fan de Protestantske Gemeente Stiens, Monumintesoarch Ljouwerteradiel en histoarysk sintrum Tresoar ha meielkoar besletten dat de grêfstien fan Troelstra syn mem werom giet nei Stiens.

Hy komt rjochtop tsjin de tsjerketoer te stean, tsjinoer it hûs dêr't de famylje wenne hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)