Grêfstien Eisinga restaurearre

02 des 2011 - 15:01

De grêfstien fan Eise Eisinga is wer sa goed as nij. De stien leit op it begraafplak yn Dronryp en wie bot fertutearze. Restaurateur Hindrik Heerschop hat de stien de ôfrûne moannen ûnder hannen naam en freedtemiddei is de opknapte grêfstien offisjeel ûntbleate.

Eise Eisinga waard yn 1744 berne. Yn 1828 is hy in pear hûndert meter fierderop begroeven op it begraafplak fan d'Alde Wite yn it doarp. En sûnt doe lûkt syn grêf in soad besikers nei it doarp. Mar dy kamen de lêste tiid mei klachten. En sadwaande gie it doarp op syk nei jild foar in opknapbeurt. En mei tank oan inkelde fûnsen koe al gau restaurateur Hindrik Heerschop út Ysbrechtum oan de slach. Hy hat de stien, en benammen de tekst op de stien, flink ûnder hannen naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)