GPTV by mear gemeenten

28 apr 2009 - 16:45
  • GPTV yn mear Fryske gemeenten te sjen

Televyzjestjoerder GPTV is tenei ek yn Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân te sjen. De regionale kommersjele stjoerder wurdt opnommen yn it kabelpakket fan dy trije gemeenten. Dêrmei is GPTV no yn 24 Fryske gemeenten te ûntfangen.

De eigners fan de stjoerder, de Harnzer famylje Gerstel, binne bliid mei de útwreiding. De stjoerder mei regionaal nijs is tolve jier lyn begûn yn Harns, Frjentsjerteradiel en It Bilt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)