Gouweleeuw yn Jong Oranje

04 maaie 2011 - 19:56

Hearrenfeanspiler Jeffrey Gouweleeuw is foar it earst opnaam yn de seleksje fan Jong Oranje. Ek Hearrenfean-kollega Luciano Narsingh mei him melde by bûnscoach Cor Pot.

Jong Oranje sil yn de tarieding nei de kwalifikaasje foar it EK yn 2013 in freonskiplik toernoai spylje. Dat toernoai is ein dizze moanne yn Eastenryk. De seleksje dy't no bekend makke is kin noch feroarje. Op 20 maaie wurdt de definitive groep bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)