Gouweleeuw werom yn de basis

23 aug 2012 - 12:20

Hearrenfean kin tongersdei yn de wedstriid yn de Europa League tsjin Molde wer beskikke oer Jeffrey Gouweleeuw. De sintrale ferdediger hie lêst fan syn ljisk, spile tsjin Feyenoord de lêste minuten mei en is no fit genôch. Tsjinfaller is wol dat linksback Jukka Raitala en spits Matthew Amoah noch net fit genôch binne. De wedstriid yn Noarwegen is tongersdeitejûn live te folgjen by ús op de radio fan sân oere ôf.

Opstelling Hearrenfean: Nordfeldt, Zuiverloon, Zomer, Gouweleeuw, El Akchaoui, Kums, De Roon, Van Anholt, Van La Parra, Djuricic, Tannane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)