Gouweleeuw fit foar Ajax

10 apr 2012 - 12:19

Jeffrey Gouweleeuw is fit genôch om tsjin Ajax yn de basis útein te setten. De ferdigener kaam dizze wike op 'e training ûngelokkich yn botsing mei Rajiv van La Parra en wie yn earste ynstânsje in fraachteken foar it treffen mei de koprinner. Gouweleeuw ûnderfynt noch wol hinder fan syn knibbelblessuere, mar kin wol spylje.

Trainer Ron Jans kin gjin berop dwaan op de blessearre Daryl Janmaat. Janmaat is ferline wike opereard oan 'e knibbel. Syn ferfanger is Doke Schmidt.

Ron Jans: "De selectie staat er goed op. We zijn de underdog, maar hebben de afgelopen wedstrijden laten zien dat we van Ajax kunnen winnen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)