Gouweleeuw fit foar ADO

15 feb 2013 - 19:01
  • Jeffrey Gouweleeuw

Jeffrey Gouweleeuw is foar de wedstriid tsjin ADO Den Haach fit genôch om mei te dwaan. Gouweleeuw wie ferline wike noch skorst, mar wie de hiele wike net fit. Hy trainde freed foar it earst folslein mei. Trainer Marco van Basten beslist sneon oft er meidwaan kin. Ek Ramon Zomer komt werom fan in skorsing, wêrtroch't Van Basten wer kieze kin. Hokker alve snein spylje sille wol Van Basten noch net bekend meitsje. De training wie net tagonklik foar de fans en de parse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)