Gouverneur Sichuan nei Fryslân

21 okt 2013 - 15:35
  •  John Jorritsma

De Sineeske gouverneur Wei Hong fan de provinsje Sichuan wol in hannelsmissy nei Fryslân organisearje. Dat hat er moandei tsjin kommissaris fan de Kening John Jorritsma sein. Jorritsma is op dit stuit mei sa'n tsien Fryske bedriuwen yn Sina. Fryslân en Sichuan hawwe sûnt 2001 in freonskiplike bân.

Yn 2008 hat Fryslân 100.000 euro oan Sichuan jûn nei in ierdskodding. Mei dat jild is it Aba Teachers College yn Sichuan wer opboud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)